Een Friestalig gedicht dat ik maakte naar aanleiding van de langste dag.
As de dagen langer fiele
En de sinne hat mear macht
Lit ús dan it libben fiere
Oant de klok lytse oerkes slacht
—————————————–
As de dagen koarter lykje
En wy sykje sels om ljocht
Lit ús dan it libben betinke
Oant immen it ljocht útdocht
——————————————
Lange dagen, koarte dagen,
It heart by ús libbensrin
Lykas dat der fragen binne
Wêr’t nimmen op antwurdzje kin
——————————————
Sa as jierliks de dagen langje
En koartsje eltse kear op nij
Sa moatte wy der ek wis fan wêze:
Genietsje! Alles giet sa fluch foarby.
——————————————











