Taalplan Frysk 2030

Foar Taalplan Frysk 2030 bin ik ien fan de skoalstipers. Ik help skoallen om it Frysk ta in heger plan te krijen.  
Alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis sille tenei út en troch besocht wurde troch in skoalbesiker. De skoallen hawwe in fragelist opstjoerd krigen oangeande de stân fan saken oer it fak Frysk op harren skoalle. It is de taak fan de skoalbesiker om mei de learkrêften de antwurden dy’t hja jûn hawwe, te besprekken. Dêrút sil in profylskets makke wurde mei gebrûk fan in lettersysteem fan A nei E. A stiet foar ‘in foldwaand oanbod Frysk’ en E foar ‘romte foar ferbettering’. Nei de besite fan de skoalbesiker, nimt de skoalstiper it stokje oer.
As skoalstiper jou ik advys en tink mei. Lytse stapkes en moaie ideeën trochfiere. Ik bliuw de kommende jieren by de skoalle belutsen en sil trije oant fjouwer kear yn’t jier de skoalle besykje. Sa leare de skoallen my kinnen en ik harren.  
It Taalplan Frysk is opset troch de provinsje mei it doel om it Frysk yn it ûnderwiis it plak te jaan dat it fertsjinnet. Ferskate organisaasjes hawwe de krêften bondele en in plan opsteld.  Ik bin as skoalstiper ferbûn oan ûnderwiisburo Semko, mar Semko docht dit alles net allinnich. Njonken Semko binne der mear organisaasjes dy’t mei hert en siel krewearje foar it wolslachjen fan dit taalplan. Dat binne de Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Underwiisynspeksje. 

error: Content is protected !!