Foar in doarpskrante bin ik frege om stikjes oer de skiednis fan it doarp te skriuwen. Dy stikjes ferskine ek hjirre as blog.
Yn 1985 makke de natuerkundige, romtefarder en piloat Wubbo Ockels (1946-2014) as earste Nederlanner mei de spaceshuttle in flecht troch de romte.

Dat hie syn pake ris witte moatten! Soks hie yn pake’s tiid net foar te stellen west!
De pake fan Wubbo Ockels wenne wêr’t no It Bynt sit. “Hea”, sille jimme tinke, “dat is dochs de Herfoarme pastorij”? En dat kloppet. Wubbo syn pake wie yn de perioade 1910-1918 de Herfoarme dûmny fan Wommels. Hy wie frijsinnich yn’e lear. Dizze dûmny, Johannes Ritter (1876-1938) troude yn 1905 mei Jetske ten Hoor (1880-1960). Yn Wommels krigen sy tegearre twa bern. In jonkje en in famke. It jonkje ferstoar oan de komplikaasjes as gefolch fan in blinetermûntstekking. Noch mar 8 jier âld. Ds. Ritter wie doe dûmny yn Frjentsjer. It famke, Anna Maria Elizabeth Ritter (1917-1999) troude mei de ûnderwizerssoan Johan H. M. Ockels út Lochem. Sy waarden yn 1946 de heit en mem fan Wubbo Ockels.
Tsjinstfaam by ds. Ritter wie Japikje Hoitinga. Letter troud mei Hendrik Tippersma. Guon sille noch wol witte dat frou Tippersma yn it Bierhûs wenne, ûngefear op it plak fan wêr’t no de Jumbo is.
Ds. Ritter wie de opfolger fan ds. Ankerman dy’t foar de CHU yn de Twadde Teamer siet. En syn soan, Jan Geert Ankerman (1906-1942), ek berne yn Wommels, wie yn syn tiid in bekende hockeyspiler. Under de Olympyske Spullen fan 1928 yn Amsterdam wûn hy mei de nasjonale hockeyploech de sulveren medalje. Hy stoar yn de twadde wrâldkriich yn in Jappekamp yn Birma.
*Tank oan Joos Ockels foar de foto fan har man Wubbo. De foto fan ds. Johannes Ritter komt út it eigen argyf.