De bewarskoalle by de brêge

Foar in doarpskrante bin ik frege om stikjes oer de skiednis fan it doarp te skriuwen. Dy stikjes ferskine ek hjirre as blog.

By de brêge stie oant yn de jierren sechstich in gebou wêr’t yn 1947 de bewarskoalle útein set is. It gebou wie oarspronklik in herberch mei as namme  “het wapen van Henaarderadeel”. Stille tsjûge dêrfan is de stien mei wapen dy’t ynmitsele sit yn de ringmuorre by It Bynt. Ein 1800 hat de diakony fan de Herfoarme tsjerke it gebou oernommen en kaam der in naaiskoalle yn. 

Doe’t der yn 1946 plak foar in op te rjochtsjen bewarskoalle socht waard, foel it each op it gebou by de brêge. Ek waard der in liedster socht. Dat waard yn jannewaris 1947 Dukke Bruinsma fan Easterein. Helpster waard al gau Anneke Wijbenga.

It wie in drok besocht skoaltsje. Yn 1949 sieten der rom 60 beukers op de skoalle. De beukers fan alle ferskate oertsjûgings sieten byinoar op deselde skoalle. Yn it bestjoer sieten doe Sipke Boonstra, Cees Van Wieren en De Roos.
Begjin maart 1951 waard de bewarskoalle as skoalgebou ôfkard. En wer twa wike letter moast de skoalle sels efkes ticht omdat der sân gefallen fan readfonk yn it doarp wienen. Benammen ûnder jonge bern tige besmetlik. En as dat noch net genôch wie, waarden de meubeloanfragen ek noch ôfwiisd.
Mar Wommelsers litte harren net kenne en dus besletten de ferskate timmerbedriuwen yn it doarp om sels de meubels foar de bewarskoalle te meitsjen.

It diakonijgebou sjoen fanút de buorren en fanôf de Hottingawei

Alles kearde ta it goede. Yn 1953 waard begûn mei in nij te bouwen moderne beukerskoalle. En al yn novimber fan dat jier waard “Blier Bigjin” iepene oan de nije buert fan doe, de dr. Sipcke Stapertstrjitte. De liedsters wienen doe Wieke Dijkstra en Trijntje Kooistra.

De âlde bewarskoalle hat noch oant yn de jierren sechstich tsjinst dien as diakonijgebou, wêr’t de Herfoarme tsjerke sneinskoalle hie, de jongerein de jeugdklups en de froulju harren frouljusferiening. Ek de CVO-skoalle hat it wol brûkt foar byienkomsten. Yn 1968 is it ôfbrutsen.

De alderearste beukers fan de earste beukerskoalle yn 1947

Het is leuk wanneer je dit deelt op social media.

Laat een reactie achter

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

error: Content is protected !!